68 – See, see, do wide see
See, see do wide see, wat leist der drogjend hinne
Wa seit wat unk en wee, yn dy besletten binne.
Myn feint sa prus, hy gyng van hus,
hy soe syn lok wol fine.
Foel ‘t skieden hurd, ik hie syn wurd: ús soe de troubân bine.
See, see do wiide see, wat leist der drogjend hinne
Wa seit wat unk en wee, yn dy besletten binne.
See, see do stoere see, wêr mei myn feint dochs bliuwe?
O, lit oan d’âlde ree syn boat doch binnen driuwe!
Mar hoe, dyn byld wurd swart en wyld.
Do bromst fan leed en lijen.
Ik fiel, ik sjoch, gjin wille en nocht, is mear foar my te krijen.
See, see, do stoere see, do ropst it my te mjite.
Faam, faam dêr oan de ree, do moatst dyn feint ferjitte.
See, see, sa wif en rou, berchsto him yn dyn skerte,
ik hâld him, ivich trou, besletten djip yn ’t herte.
Zonder muziek Dyn weachgebrûs, dyn stoarmgerûs
heech oer syn holle rôlet.
Allyk de smert djip út myn hert yn wylde weagen wâlet.
See, see, sa wif en rou, berchsto him yn dyn skerte,
ik hâld him, ivich trou, besletten djip yn ’t herte.